Wy binne op it stuit al drok dwaande mei de rippetyjes fan “ De ynbylde syke “ dat wy op 25 en 26 novimber opfiere sille. “De ynbylde syke” is fan de hân fan Moliѐre, berne as Jean-Baptiste Poquelin (1622-1673).
Dizze Frânsman wie njonken toanielskriuwer ek noch akteur yn û.o syn eigen stikken en hie him talein op it skriuwen fan satirische komeedzjes.
“De ynbylde syke” is bewurke troch Judith de Rijke en Judith Wendel en yn it Frysk oersetten troch Bouke Oldenhof.
Haadpersoan is Rinse dy’t de hiele dei besteld is mei syn ynbylde krupsjes en kwaaltjes. Hy slyt syn dagen mei it roppen om de dokters en it kleien oer harren rekkens dy’t stéfêst op de konsulten folgje. Yn ‘e hoop op in fergese medyske fersoarging wol hy syn dochter Annie úthoulikje oan in net sa oantrekkelike jonge dokter. Syn leafhawwende fersoarchster Djoeke en syn twadde frou Beitske hawwe lykwols hiele oare plannen. Betizing en hilaryske ferwikkelingen binne it gefolch yn dizze komeedzje.
“De ynbylde syke” wurdt spile troch: Willem Scholte, Saapke Beuker, Piet Smidt, Janneke Joekema, Benno Snijder, Jantina Visser, Ypie Roorda, Siemen de Jong en Pietie Stienstra. De regy is yn hannen fan Harm Veenema.
Net fersitte dus en op nei “De Smalle Brug “ op 25 en 26 novimber 2011 Ynformaasje omtrint de kaartferkeap fine jo begjin novimber yn de Omropper Oant sjen!