Ynskriuwe
Elts dy't graach mei dwaan wol troch in rol te spyljen of op oare wize in bydrage leverje wol, sa as bijgelyks ynstekker/ynstekster, sminke of help biede wol by it bouwen fan dékors, kin kontact opnimme troch it stjoeren fan in e-mail.
In e-mail kin stjoerd wurde nei: pietie1955@hotmail.com
Spyljen yn in stik fan Rederikerskeamer Halbertsma?
Foar in rol, as ynstekker of as dekôrbouwer en miskien hawwe jim sels (nije) ideeën omtrint in útfiering.
Om't ein novimber feitlik net iens sa lang mear duorret, moat de ploech fan it kommende stik noch foar de fekânsje om 'e tafel om it ien en oar troch te praten en om yn 'e kunde te kommen mei de nije regisseur.
As blykt dat er in soad animo is om te spyljen kin it in opsje wêze om yn 'e maityd fan 2011 noch in stik op 'e planken te bringen, of inkelde ien-akters yn kombinaasje mei de jongerein.
De útfieringsdata binne faaks yn novimber en de rippetysjes begjinne nei de fekânsje. Hâld der rekken mei dat der ien of twa fêste rippetysjejûnen binne, dy't yn oerlis mei de regisseur en de spilers bepaald wurde.
In e-mail kin stjoerd wurde nei: pietie1955@hotmail.com