f

 
Rederikerskeamer Halbertsma
Stiens

 

 

Home

Halbertsma Spilet

Skiednis

Jongerein Toaniel

Foardrachtskriich

Ynskriuwe

It Argyf

Kontakt

Links

 

 

 

De Foardrachtkriich

Yn in gearkomste fan de Rederikerskeamer yn oktober 1949 komt de foarsitter mei it foarstel, om foar bern fan de trije heechste klassen fan it basisûnderwiis in foardrachtkriich te hâlden. Nei dat yn'e gearkomste it ien en oar út de doeken dien is oer de opset en it doel, wurdt dit foarstel mei algemiene stemmen oannommen. En op 25 febrewaris 1950 wurdt de earste foardrachtkriich hâlden, dat barren wie op'e boppeseal fan de "Smellebrêge".

No noch wurdt elts jier dizze foardrachtskiich hâlden. Bern bringe harren foardracht en wurde troch in sjury beoardiele; der binne trije klassen. Troch de oerfloed oan mooglikheden foar de bern, nimt it oantal dielnimmers spitigernôch wol wat ôf. Mar mei help fan bern, âlders en ûnderwizers sille wy ús ynsetten bliuwe om dizze foardrachtkriich te behâlden.

It is hjir krekt as yn'e sport, it giet mear om it meidwaain dan om it winnen. Ferskate leden van Halbertsma steane klear om de bern oanwizings te jaan en harren te stypjen. It is elts jier wer in nocht om de prestaasjes oan te hearren, in oantrúner om oan dizze bern ris dy oandacht te jaan dy't se fertsjinje, it is mear dan de muoite wurdich.

 

60 jier BERNEKRIICH

Dit jier is it 60 jier lyn dat de Rederikerskeamer "Halbertsma" út Stiens foar bern fan 'e basisskoallen út 'e gemeente Ljouwerteradiel mei de foardracht kriich útein setten.
"Halbertsma" is der tige grutsk op dat dizze kriich noch altyd hâlden wurdt.
Dêrom wolle wy der dit jier in feestlik tintsje oan jaan.
Yn dit jubileumjier dogge der seis skoallen oan mei mei 86 bern.
It organisearjen fan san kriich freget help van âlders, ûnderwizend persoaniel en leden fan "Halbertsma", dy't (sa nedich) de bern helpe om de foardracht yn te studearjen.

 

Foardrachtkriich 2010

Útslach & foto's fan 'e foardrachtkriich 2010 kinne jo hjir besjin..

Foardrachtkriich 2009

Útslach & fan 'e foardrachtkriich 2008 kinne jo hjir besjin..

Foardrachtkriich 2008

Útslach & foto's fan 'e foardrachtkriich 2008 kinne jo hjir besjin..

 

© 2008 by Marijke Stienstra